OERSJOCH: Dizze brievebussen ferdwine, en komme derby

Friezen kinne meikoarten harren post noch by 624 brievebussen yn de provinsje ferstjoere. PostNL begjint takom moanne mei it fuortheljen fan brievebussen yn Fryslân. Dat bart omdat se hieltyd minder brûkt wurde. It oantal brievebussen yn de provinsje nimt yn totaal ôf, mar der komme ek nije bussen by. Yn it kaartsje hjirûnder sjochsto hokker brievebussen by dy yn de buert ferdwine sille (read), en op hokker plakken der bussen bykomme (grien).