Matavž skorst nei plantsjen earmtakke yn gesicht Dumfries

26 jan 2018 - 11:39

De tuchtkommisje fan de KNVB hat Tim Matavž fan Vitesse foar fiif wedstriden skorst, wêrfan ien ûnder betingst. Neffens de kommisje is der genôch bewiis dat de spits it ôfrûne wykein yn de wedstriid tsjin SC Hearrenfean mei opset sin in earmtakke yn it gesicht fan Denzel Dumfries plante.

De straf is itselde as it skikkingsfoarstel fan de oanklager betelle fuotbal. Dat waard ôfwiisd troch Vitesse. Ek tsjin de útspraak fan de tuchtkommisje giet de klup yn berop.

(advertinsje)
(advertinsje)