Iepeningswykein LF2018: folgje it live by de Omrop

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It is lang om let safier: freed 26 en sneon 27 jannewaris wurdt it jier fan Ljouwert-Fryslân 2018, fan Kulturele Haadstêd, iepene. Freed is de iepening yn de hiele provinsje en sneon leit de klam op Ljouwert. Omrop Fryslân docht dizze dagen wiidweidich ferslach fan de eveneminten en de offisjele iepening. Hjirûnder in oersjoch fan watsto by ús ferwachtsje kinst.
Freed
Freedtejûn is Omrop Fryslân by it earste offisjele evenemint fan Ljouwert-Fryslân 2018: '2018ferhalen'. Ferslachjouwers sille út fiif ferskate plakken rûnom yn de provinsje wei ferslach dwaan fan it evenemint en litte dy troch middel fan in livestream de ferhalen meibelibje. De livestream fan Omrop Fryslân begjint freedtejûn om 20.00 oere en is njonken de webside ek te finen op de app en de Facebookside fan Omrop Fryslân.
Sneon
Omrop Fryslân komt fan 20.30 oere ôf mei in live telefyzjeprogramma oer LF2018 en de iepening. Yn it programma 'Finster op 2018' wurdt in oantal kulturele aktiviteiten beljochte mei presintatrise Karen Bies. Under mear mei it Grote Grutto Theater, dêr't je it libben fan in skries meibelibje kinne, en Iepen Doarp, mei ferhalen fan alle ynwenners fan Feanwâldsterwâl. Miranda Werkman stiet yn it hert fan Ljouwert om live ferslach te dwaan fan ûnder oare de oankomst fan it keninklik pear.
Dêrnei is sneontejûn de offisjele iepening, dy't troch de AVRO/TROS útstjoerd wurdt, fan 21.35 oere ôf ek live te sjen by Omrop Fryslân.