FIDEO: It ferhalende begjin fan Kulturele Haadstêd LF2018

De âlde tradysje fan de Winterjûnenocht nij libben ynblaze. Dat is freedtejûn it idee fan it earste offisjele evenemint fan Ljouwert-Fryslân 2018: '2018ferhalen'. Omrop Fryslân is live by it evenemint. Ferslachjouwers sille út fiif ferskate plakken rûnom yn de provinsje wei ferslach dwaan fan it evenemint en litte dy troch middel fan in livestream de ferhalen meibelibje. It is njonken de webside ek te finen op de Facebookside fan Omrop Fryslân.
Lokaasjes
Der binne tsientallen lokaasjes en ferhalen om út te kiezen op dizze earste nije Winterjûnenocht. De online redaksje fan Omrop Fryslân hat in oersjoch makke fan alle lokaasjes dêr'tst freedtejûn (fergees) hinne kinst om fuort te dreamen of om wat op te stekken. De ferslachjouwers fan Omrop Fryslân binne ûnder mear te finen yn de Wetterpoarte fan Snits, yn it Earmhûs Museum yn Warten en op in bysûndere lokaasje tusken Egypte en Frankryk.