Seizoen foarby foar SC Hearrenfean-keeper Warner Hahn

26 jan 2018 - 10:23

Doelman Warner Hahn fan SC Hearrenfean komt dit seizoen net mear yn aksje. De 25-jierrige keeper rûn begjin jannewaris in swiere skouderblessuere op by it trainingskamp fan de klup yn Spanje. It is de twadde kear dit seizoen dat Hahn langere tiid út de rûlaasje is. Yn de earste kompetysjewedstriid dit seizoen tsjin FC Grins rekke Hahn ek al blessearre oan syn skouder en moast dêrtroch njoggen kompetysjewedstriden misse.

Martin Hansen is troch trainer Jurgen Streppel oanwiisd as earste doelman. Hearrenfean hiert de Deen dit seizoen fan it Dútske FC Ingolstadt 04. Wouter van der Steen is twadde keeper.

(advertinsje)
(advertinsje)