Hoarekaferbod foar agressive frou (21) út Ljouwert

26 jan 2018 - 10:12

In 21-jierrige frou út Ljouwert wie tongersdeitenacht behoarlik agressyf yn in kroech oan it Ruterskertier yn de stêd. Se begûn om har hinne te slaan yn de hoarekasaak, wêrnei't se derút setten waard.

Bûten gie se noch even fierder. De plysje waard derby roppen. De frou hat proses-ferbaal en in hoarekaferbod krigen.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje agressyf
(advertinsje)