Kollum: "Jeugdsentimint"

"Hjoed gean ik efkes werom yn 'e tiid. Ik wit noch goed dat wy eartiids faak reedride koene yn 'e winter. Myn âldershûs stiet yn Alde Leie, oan 'e Feinsumer feart dat wy stapten sa op it iis en koene de wrâld út ride. It lytse doarpke wie fan it iis ôf folle moaier as normaal mar dat is yn ús hiele provinsje sa as it echt winter is.
Fryslân is dan betsjoenend moai. Mei sterk swart iis en in lyts bytsje snie, is de wrâld ljochter en frisser. It is dan hearlik om bûten te wêzen, te bewegen en de minsken binne fleurich en flink. Sadree't it iis sterk genôch is, wurde mouwen opstrûpt en leuke aktiviteiten organisearre. Minsken, mar ek bisten krije der enerzjy fan en it is hearlik sliepen as je in hiele dei bûten west ha. Thúswêze is dan ynienen ek wer in stik leuker want dêr baarnt de kachel en is it smûk.
Ik ha moaie oantinkens oan dy tiid. Fan Alde Leie nei Bartlehiem ride is in moaie tocht, en ik fielde my altyd wol flink as ik dan dien hie omdat ik net sa'n rider bin. Ik rêd my wol mar ik bin gjin talint of sa en bochtsjestappe giet my noch noait goed ôf. Mar ek al kinne je net super goed reedride, genietsje kin elkenien en dat die ik ek. Underweis hjir en dêr wat oan 'e koek-en-zopie en ek no't wy yn Warten wenje, gean ik it leafste nei Alde Leie as de fearten hâlde. Kinst hjir ek hiel moai ride mar dêr leit myn jeugdsentimint.
En ik bin bang dat it dêr by bliuwt, by jeugdsentimint want wy hawwe amper strange winters mear. Us bern ha it lokkich noch wol meimakke dat we sterk iis hân ha salang't wy yn Warten wenje. De jongste koe dat mei de motor crosse op it iis en ús oare bern meie ek graach reedride. De iene mear as de oare mar dochs komme se derút en hawwe se wille mei elkoar. En omdat pake noch altyd stiif oan 'e Alvestêderûte wennet, hawwe wy dêr yn '97 ek west.
As der in Alvestêdetocht wie, stiene wy op it iis mei waarm wetter, sinesappels en de lêste kear ek mei Bearenburch, al wie dat net sa'n súkses. De riders dy't jûns let noch troch de Leie riden, fûnen in slokje hearlik mar de manlju dy't it al in hiel skoft útdield hiene, ek. Dochs wie it wer prachtich en soks ferjitte je nea wer.
Dêrom fyn ik it foar de lytse bern fan no sa spitich dat we amper mear echte winters hawwe en guon bern soks noch noait meimakke ha. It is no al sûnt septimber hjerst en salang steane de hynders ek al thús omdat it lân doe al fierste wiet wie. Alles yn ús tún is glêd en grien. De dagen binne griis en grau en de katten binne ek net bûten te krijen. We hawwe fjouwer en se lizze de hiele dei te maffen foar de kachel.
Ik kom der it leafste ek net út, mar it moat wol. Miskien is dat mar goed ek want oars kaam ik ek net mear by de kachel wei, wylst ik it leafste al bûten bin. It is fansels fijn dat we in waarm hûs ha dêr't je wêze kinne as de wyn en de rein je wer om 'e earen slaan, mar ideaal fyn 'k it net. En oeral dêr't je komme, sizze minsken itselde want elkenien hat ferlet fan better waar.
Dus waargoaden... ik wol graach winter of foarjier ha, want ik bin hielendal klear mei dizze ivige hjerst! Alfêst betanke!"