Twa auto's baarne folslein út op parkearplak yn Snits

26 jan 2018 - 06:50

Op in parkearplak oan de Olde Ee yn Snits binne tongersdeitenacht twa auto's útbaarnd. Buertbewenners skrokken wekker fan hurde knallen en ûntdutsen doe de brân. Sy warskôgen de brânwacht.

De brânwacht koe net foarkomme dat de auto's folslein útbaarnden. De plysje siket tsjûgen omdat de brân mooglik oanstutsen is.

Trefwurden: 
Olde Ee auto's útbaarne
(advertinsje)
(advertinsje)