Riedsleden Achtkarspelen fergaderje yn 18e-iuwsk kostúm

25 jan 2018 - 22:58

Om te fieren dat Stynsgea it Kultureel Haaddoarp 2018 fan de gemeente Achtkarspelen is, fergadere de gemeenteried tongersdeitejûn yn de Augustinitsjerke yn dat doarp. En dat diene alle riedsleden net yn gewoane klean, mar yn klaaiïng út de 18e iuw. Mei de klean eare se de 18e-iuwske Stynsgeaster keunstskilder Willem Bartel van der Kooi (1768-1836). It is dit jier 250 jier dat Van der Kooi berne waard en dat wol de gemeente op dizze wize betinke.

Switterich

Foar alle riedsleden is it dragen fan de 18e-iuwske klean wol efkes wennen. Neffens boargemaster Gerben Gerbrandy is it foaral switterich. Wethâlder Stellinga moast earst op syk nei in goed plakje yn de klean foar syn telefoan.

Wâldsang sjonge

Mei in perkamint hat boargemaster Gerbrandy it doarp útroppen ta Kultureel Haaddoarp. Ek is der in spesjaal banier yn de tsjerke útrôle. De gearkomste wie fierders itselde as in reguliere gearkomste yn de riedseal, mar mei in spesjaal begjin. It earste part fan de jûn gie oer de histoarje fan Stynsgea en is it Wâldsang songen. Dêrnei sette de reguliere riedsgearkomste útein.

(advertinsje)
(advertinsje)