Van Berkel: "Mijn leven en mijn passie worden mij afgenomen"

"Mijn werk, mijn leven en mijn passie worden mij afgenomen. Maar ook mijn gezondheid." Dit seit fjoertoerwachter fan de Brandaris op Skylge Nicolette van Berkel, nei oanlieding fan har konflikt mei Rykswettersteat. Van Berkel hat it befel krigen om mei te wurkjen oan in tredde ûndersyk dat Rykswettersteat ynsteld hat. Dit ûndersyk komt der nei it ferhaal fan Van Berkel dat se pest waard troch kollega's. Nei dy melding is de tastân eskalearre en sit Van Berkel al twa jier thús.
Nij ûndersyk
"Naar buiten komen met mijn verhaal is nu mijn enige keuze", seit Van Berkel. Se is no mei har ferhaal nei bûten ta kaam en easket in ûnôfhinklik ûndersyk. Rykswettersteat seit lykwols dat der al twa ûndersiken west hawwe en der no in tredde ekstern ûndersyk komt. Van Berkel seit dat de ûndersykskommisje net objektyf is en wol der net oan meiwurkje. Van Berkel: "Ik heb grote zorgen over dit onderzoek, omdat de commissie niet onafhankelijk is."
Ien fan de kommisjeleden, Bert Kreemers, hat him weromlutsen út it ûndersyk. Hy fynt dat Rykswettersteat te min ynformaasje jout oer de saak. Rykswettersteat bliuwt der lykwols by dat it wol in ûnôfhinklik ûndersyk is en easket fan Van Berkel dat se der oan meiwurket. Se is yntusken better ferklearre en kin dien krije as se wegeret oan it ûndersyk mei te wurkjen.
Ekskús
Van Berkel is dan ek bliid dat de polityk it konflikt no ek oppikt hat en dat Twadde Keamerlid Nevin Ozutok fan GrienLinks Keamerfragen steld hat. Van Berkel: "Ik hoop dat door de Kamervragen dit verplichte onderzoek niet doorgaat. Zo kun je niet omgaan met mensen."
Van Berkel wol dat Rykswettersteat ekskuzes oanbiedt en dat se mei respekt behannele wurdt. Se hat hope dat se dêrnei wer weromkeart nei de Brandaris en dêr wer gewoan har wurk útfiert.