Stroomsteuring leit treinferkear fan en nei Zwolle plat

25 jan 2018 - 21:17

Minsken dy't mei de trein fan en nei Zwolle reizgje, moatte rekken hâlde mei fertragingen. Troch in stroomsteuring by de netbehearder lei it treinferkear in skoft stil. De steuring is no foarby, mar it treinferkear komt pas tongersdeitejûn om 22.00 oere hinne wer op gong. NS advisearret reizgers de reisplanner te besjen foar de aktuele situaasje op it spoar.

Trefwurden: 
spoar NS trein
(advertinsje)
(advertinsje)