'Cowfunding' om ûntsnapte ko nei Frysk kowerêsthûs te krijen

25 jan 2018 - 20:16

De Partij voor de Dieren is in 'cowfunding' aksje begûn om ko Hermien nei it kowerêsthûs yn Sânhuzen te krijen. Hermien ûntsnapte yn desimber op wei nei in slachthûs yn Gelderlân en rint sûnt dy tiid frij rûn yn in bosk. Jagers en feedokters besykje it bist sûnt dy tiid te finen om it ôf te sjitten of te ferdôvjen. Dat is noch net slagge. De PvdD wol dat Hermien rêden wurdt fan de slacht en hat de crowdfundingsaksje dêrom op tou set. Yn it kowerêsthûs yn Sânhuzen wenje no sa'n 45 kij en sy hawwe noch wol plak foar Hermien.

#MeKoe

It entûsjasme oer it rêden fan ko Hermien is op social media grut. Se is trending op Twitter ûnder #MeKoe, #FreeHermien, #SaveHermien en #KoeHermien. "Hermien vecht voor haar leven en wij gaan haar daarbij helpen", seit Keamerlid Esther Ouwehand fan de Partij voor de Dieren. Neffens Ouwehand is de ynsammelaksje bedoeld om de kosten yn de opfang yn Sânhuzen te dekken. De eigener fan Hermien hat al oanjûn syn ko wol ôfstean te wollen oan it rêsthûs foar kij.

(advertinsje)
(advertinsje)