Slim ûngelok op de N361 by Lauwerseach, twa ferwûnen

Ien fan de auto's © De Vries Media
By in slim ûngelok op de krusing fan De Rug en de N361 by Lauwerseach binne tongersdeitejûn meardere persoanen ferwûne rekke. By it ûngelok hawwe twa auto's swiere skea oprûn. Wat der presys bard is, is noch net bekend.
Twa slachtoffers binne mei de ambulânse meinommen nei it sikehûs yn Grins. Twa oare slachtoffers hoegden nei in medyske kontrôle net mei.
De plysje ûndersiket no wat de tadracht is fan it ûngelok. De dyk is foar in grut part ôfsletten. It ferkear kin wol fierder ride oer de Strandweg, dy't ûngefear parallel rint oan de N361 by Lauwerseach.