PostNL hellet brievebussen fuort

© ANP
Post NL begjint takom moanne mei it fuort heljen fan brievebussen yn Fryslân. Dat bart omdat se hieltiten minder brûkt wurde. Minsken ferstjoere net mear sa'n soad post. Der wurde ek brievebussen ferpleatst. It útgongspunt dêrby is dat se foar elkenien berikber wêze moatte. Ek foar minsken dy't net goed rinne kinne. Dêrom bliuwe de bussen by soarchynstellingen stean.
By it bepalen fan de lokaasjes fan de brievebussen sil sjoen wurde nei de ôfstânseask sa as fêstlein is yn de Postwet. As in brievebus komt te ferfallen, sil dit trije wike yn it foar op de bus oanjûn wurde. Bewenners krije in brief mei ynformaasje oer de feroaringen. Op postnl.nl/brievenbus kin mei help fan in lokaasjewiizer de brievebus fûn wurde dy't it tichtst by is.
Yn Fryslân sil it tal brievebussen ôfnimme fan 833 nei 624 bussen yn totaal. Der bliuwe 604 brievebussen stean, komme 20 nije brievebussen by en 229 bussen wurde fuort helle.