Provinsje siket nei ferdwûne bylden út Steateseal

De provinsje hâldt in syktocht nei de trije tradisjonele bylden, dy't ferdwûn binne út de Steateseal. De bylden hawwe jierren lang tsjin de muorre stien, boppe de stoel fan de kommissaris fan de Kening. By de nijbou fan it provinsjehûs, sa'n tsien jier lyn, binne se fuort rekke. De VVD die woansdei in oprop om opnij op syk te gean nei de bylden. De rest fan de partijen yn Provinsjale Steaten stipen dat útstel.
De bylden binne sa'n tritich sintimeter grut en symbolisearje de trije deugden foarsichtigens, rjochtfeardigens en krêft. De Fryske Steateseal is de iennige fan alle provinsjes, dy't noch altyd yn gebrûk is. Alles dat der te sjen is, hat histoaryske wearde. De bylden moatte dus weromkomme, fynt de VVD.