Henk Veerman begjint wer op de bank

25 jan 2018 - 17:37

SC Hearrenfean-oanfaller Henk Veerman moat freed yn de thúswedstriid tsjin Sparta wer yn 'e dug-out plak nimme. Trainer Jurgen Streppel jout de foarkar oan Reza Ghoochannejhad yn de punt fan de oanfal tsjin de nûmer lêst fan de earedifyzje. Veerman krige yn desimber yn de útwedstriid tsjin Roda JC foar it earst in basisplak, omdat Streppel ûntefreden wie oer de produktiviteit fan Ghoochannejhad. Yn de seis wedstriden dat Veerman yn de basis stie, skoarde er trije kear (Roda JC, VVV Venlo en Feyenoord).

"Mear fuotbal"

Dochs kiest Streppel tsjin Sparta wer foar Goochannejhad, omdat hy fynt dat der mei de Iraansk international "mear fuotbal" yn 'e ploech komt. Henk Veerman is tegearre mei Morton Thorsby mei fjouwer doelpunten topskoarer by SC Hearrenfean. Reza Goochannejhad hat dit seizoen twa kear skoard, wêrfan't ien kear út in strafskop.

Ofrûne simmer hie FC Utrecht noch belangstelling foar Veerman, mar dy ferkeap gie op it lêste momint net troch.

(advertinsje)
(advertinsje)