FIDEO: Jelle B. sjongt Frysk hynder

25 jan 2018 - 17:30

Sjonger Jelle B. hat in nije ferzje makke fan it nûmer 'Frysk hynder' fan Griet Wiersma. Dit hat er dien foar de muzykrubryk fan Fryslân Hjoed. Yn dizze rubryk daget presintator en sjonger Raynaud Ritsma Fryske artysten út. Se krije as opdracht in ferske út de Fryske Top 100 te coverjen. In ferske dat fier fan harren eigen styl ôf stiet. Mei as doel: nije nûmers kreëarje en in oare blik op Fryske nûmers.

Dit kear wie it nûmer 'Frysk hynder' oan bar. It is hast tweintich jier lyn dat Griet Wiersma it nûmer skreau. Se hie noch in âlde orkestbân mei in melody dy't hieltyd wer yn har op kaam. "Ik fûn it sa moai en tocht, hjir moat ik wat mei! Doe kaam myn sweager ris op de kofje en hie ik it der mei him oer. Oer in nij nûmer en wêr't dat oer gean moast. Hy hie in Fryske hynder en sei dat der gjin goed liet wie oer Fryske hynders. Myn sweager begûn oer de hynders te fertellen en sa ha ik, mei de âlde orkestbân derby, de tekst skreaun." Eltsenien dy't it nûmer hearde, wie fuortendaliks entûsjast en dat wie eins it begjin fan Griet har karriêre. "Dit nûmer wie myn trochbraak, dat is wol hiel bysûnder."

Jelle B. is de sânde yn it rychje fan Fryske artysten dy't in nûmer covere hat. Elske DeWall die 'It Woanskip' fan Anneke Douma en Iris Kroes it nûmer 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra. Benijd nei alle covers? Sjoch dan op www.omropfryslan.nl/muzykrubryk.

Trefwurden: 
Jelle B Frysk hynder
(advertinsje)
(advertinsje)