Nynke Laverman is "bliid dat it einlik sa fier is"

De repetysjes binne yn folle gong en it is no echt ôftelle oant sneon, want dan is yn Ljouwert de iepening fan Kulturele Haadstêd 2018. De stêd is foar in grut part al omtsjoend oant dé Kulturele Haadstêd fan Europa en muzikaal Fryslân makket him op om sneon te skitterjen mei de moaiste muzyk, sa ek Nynke Laverman. De Fryske sjongeres hat in soad nocht oan de iepening: "Ik bin sa bliid dat it einlik sa fier is."
Laverman sjongt by de iepening it liet "Seis oere thús" en docht dat op in Fryske hynst. "Ik haw al in skoft oan it trainen west, om him foaral ek wenne te litten oan de omstannichheden, dêr't er sneon yn telâne komt." By Laverman sels oerhearsket sûne spanning. "Juster hiene we de trochrin en doe tocht ik fan 'Oeh, it is dochs wol spannend', want it is gewoan enoarm. Sa folle minsken en dingen, dy't byinoar komme moatte."
Oan de iepening dogge yn totaal 2.500 minsken mei. "Bern, fanfaren, koaren, muzikanten en mear en dat komt allegear byinoar. Foar my is de vibe dy't ûntstiet it alderbelangrykste. It gefoel fan mei syn allen de tosken yn in nije tiid te setten en de stêd en Fryslân nei in nij level te tillen."
De iepening fan Kulturele Haadstêd is sneon om 20.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.