FIDEO: Ljouwert brûst yn ôfwachting fan iepening LF2018

Ljouwert brûst en siedt yn ôfwachting fan iepening Kulturele Haadstêd. Op trije pleinen yn de stêd, it Wilhelminaplein, it Aldehoustertsjerkhôf en it Gouverneursplein, binne de tariedingen op de grute iepening yn folle gong. Wy wiene derby.
Op ferskate gebouwen yn de stêd ferskynden ek de letters YN IT HERT.
De iepening fan Kulturele Haadstêd is sneon om 20.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.