Folgje de iepening fan LF2018 live by Omrop Fryslân

27 jan 2018 - 18:46

It is lang om let safier, de iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd fan Europa. Omrop Fryslân stjoert de iepening live út op telefyzje en online.

Op telefyzje traapje we om 20.30 oere ôf mei it programma 'Finster op 2018' . Hjiryn wurdt in oantal kulturele aktiviteiten beljochte mei presintatrise Karen Bies. Under mear mei it Grote Grutto Theater, dêr't je it libben fan in skries meibelibje kinne, en Iepen Doarp, mei ferhalen fan alle ynwenners fan Feanwâldsterwâl. Miranda Werkman stiet yn it hert fan Ljouwert om live ferslach te dwaan fan ûnder oare de oankomst fan it keninklik pear. Dêrnei is de offisjele iepening, dy't troch de AVRO/TROS útstjoerd wurdt, fan 21.35 oere ôf ek live te sjen by Omrop Fryslân.

'Finster op 2018' is fansels ek live te folgjen fia de webside en de app. Dêrneist is der fan 20.00 oere ôf in livestream fan de gearkomste yn stedskouboarch De Harmonie. By dizze offisjele gearkomste, allinne foar gasten, binne ek de Kening en Keninginne oanwêzich. Der binne taspraken fan ferskate promininten. Fierder is alles op 'e foet te folgjen fia ús liveblog en dogge we ferslach op Facebook en Instagram.

Trefwurden: 
LF2018 iepening LF2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)