Farwei De Lemmer-Delfsyl feiliger meitsje

25 jan 2018 - 15:59

Wat is der nedich om de farrûte De Lemmer-Delfsyl feiliger te meitsjen? Rykswettersteat hat dat ûndersocht en de konklúzje is ûnder oare dat de brêgen op de rûte oanpakt wurde moatte. Boppedat moat de ynformaasjefoarsjenning ferbetterje en moat der in gedrachsferoaring plakfine by skippers fan de beropsfeart en de rekreaasjefeart. It ûndersyk waard tongersdei presintearre. De trije oandachtspunten binne dúdlik, mar hoe't se útfierd wurde moatte, bliuwt dreech. 

Fan 2006 oant en mei 2015 wiene op de farrûte De Lemmer-Delfsyl 340 ynsidinten. Dat is fierstente folle, seit Rykswettersteat. It Prinses Margrietkanaal moat stikken feiliger wurde en dêr set Rykswettersteat mei oare belanghawwers de kommende tiid hurd op yn. De brûkers sille noch mear as no oansprutsen wurde op harren gedrach.

Op de hiele farwei tusken Delfsyl en De Lemmer binne hieltyd faker oanfarringen. Dêrby komt noch, dat de farwei allinnich mar drokker wurdt mei frachtfeart en de skippen wurde hieltyd grutter. 

(advertinsje)
(advertinsje)