Keamerfragen oer fjoertoerwachter Nicolette van Berkel

25 jan 2018 - 15:52

Twadde Keamerlid Nevin Ozutok fan GrienLinks hat keamerfragen steld nei oanlieding fan de kwestje oer fjoertoerwachter Nicolette van Berkel fan Skylge. De fjoertoerwachter is yn striid mei Rykswettersteat om har baan werom te krijen. Van Berkel sit al twa jier thús neidat se melding makke fan pesterijen op it wurk. Op dit stuit is Van Berkel nasjonaal nijs en wurdt der yn talkshows en aktualiteiterubriken in soad oer praat.

Pesterij op de wurkflier

Keamerlid Ozutok hat de kwestje oangrepen om de steatssekretaris in tal fragen te stellen oer protokollen en beskerming fan minsken op de wurkflier. Sa wol se ûnder oaren witte oft in 'second opinion' troch de steatssekretaris as winsklik sjoen wurdt, en oft it ûndersyk dat Rykswettersteat sels ynsteld hat wol echt ûnôfhinklik is. De arbeidsynspeksje soe neffens har ek in gruttere rol spylje moatte by situaasjes dêr't pesten oan de oarder is. Neffens it Keamerlid komme nei oanlieding fan Nicolette har ferhaal in hiel soad reaksjes by har en komt it in hiel soad foar.

Moedich

Se fynt it moedich fan de fjoertoerwachter dat se mei har ferhaal nei bûten komt, mar wol mei de fragen de steatssekretaris 'triggerje' it bredere probleem fan pesten op it wurk better oan te pakken. De oerheid soe neffens Ozutok in foarbyldrol hawwe moatte, mar it docht út ûndersyk bliken dat júst by de oerheid it pesten in soad foarkomt. Dêroer stelt it GrienLinks Keamerlid ek fragen.

Rol Rykswettersteat

De rol fan Rykswettersteat moat neffens har troch de steatssekretaris goed besjoen wurde. Ozutok: "Hebben ze tijdig, adequaat en deskundig gehandeld? Daarop wil ik een antwoord van de staatssecretaris."

Ekstern ûndersyk

Rykswettersteat seit dat der yntusken twa ûndersiken west hawwe en op dit stuit in ekstern ûnôfhinklik ûndersyk. Van Berkel hat it befel krigen om mei te wurkjen oan dit tredde ûndersyk dat Rykswettersteat ynsteld hat. Neffens ferwachting is dat 1 april klear. Van Berkel wol lykwols net oan it ûndersyk meiwurkje. Se fynt de ûndersykskommisje net ûnôfhinklik. Rykswettersteat bliuwt derby dat it wol in ûnôfhinkelik ûndersyk is en easket fan Van Berkel dat se der oan meiwurket. Se is yntusken better ferklearre en kin dien krije as se wegeret oan it ûnderysk mei te wurkjen.

Statement Rykswettersteat:

"Sinds de spanningen op de Brandaris zich openbaarden, heeft Rijkswaterstaat zich ingezet voor een oplossing. Inmiddels loopt het derde onderzoek. Eind 2016 is opdracht gegeven voor een eerste extern onderzoek, dat niet tot een oplossing leidde. Inmiddels loopt na een tussenadvies van Bas Eenhoorn (burgemeester Amstelveen) het derde onafhankelijke onderzoek, dat naar verwachting 1 april gereed zal zijn. 

De onafhankelijke onderzoekscommissie bestaat uit drie zeer ervaren en deskundige onderzoekers op het gebied van omgangsvormen op de werkvloer. Voorzitter is de heer mr. S.B. (Sam) Boelens. De andere leden (een psycholoog/seksuoloog en een jurist) zijn onderzoekers van het bureau Bezemer Kuiper & Schubad.

De onderzoeksopdracht is vast te stellen welke feiten ten grondslag liggen aan de spanningen die zijn ontstaan op de Brandaris en die te wegen.

De heer Boelens is een expert op het gebied van onderzoek naar geschillen op de werkvloer. Hij is extern voorzitter van de Bezwarencommissie personele aangelegenheden van het ministerie van IenW en van de Klachtencommissie ongewenste omgangsvormen van het ministerie van IenW. Ook is hij voorzitter van de commissie personele aangelegenheden van de Algemene Rekenkamer."

(advertinsje)
(advertinsje)