Friezen liene minder jild

25 jan 2018 - 15:32

Friezen hawwe yn 2017 minder jild liend as it jier derfoar. It gemiddelde kredyt wie goed 13.000 euro. Dat bedrach leit fjirtich persint leger as yn 2016. Dat docht bliken út it Nationaal Leenonderzoek, wêrby't lanlik hast 70.000 krediten ûndersocht binne. Der wurdt foaral jild liend om besteande lieningen oer te sluten, om in auto te keapjen of foar in ferbouwing.

Trefwurden: 
liene jild kredyt
(advertinsje)
(advertinsje)