Foarpriuwke op Escher-yllúzjes yn Fries Museum

25 jan 2018 - 15:09

In wrâld, dêr't niks is wat it liket. We kenne de yn Ljouwert berne keunstner M.C. Escher, dy't sa'n wrâld mei optyske yllúzjes makke yn al syn keunstwurken. Fan april ôf is de grutte Escher-tentoanstelling yn it Fries Museum yn Ljouwert, mar no al is dêr in foarpriuwke op de keunstner te sjen mei de tentoanstelling 'Phantom Limb: Art Beyond Escher'.

Oan dizze eksposysje dogge tsien moderne keunstners út binnen- en bûtenlân mei, dy't ek wurkje mei optyske yllúzjes. Yn totaal binne der 25 wurken. Sa is der bygelyks in keamer, folslein yn swart-wyt skildere. Foar de besikers in hiel nuvere gewaarwurding, om dêr yn om te rinnen. De tentoanstelling lit neffens it Fries Museum sjen dat ús brein foar de gek hâlden wurde kin en stelt de fraach hoe betrouber ús realiteit eins is.

(advertinsje)
(advertinsje)