Undúdlikheid oer útwreidingsopsjes boeren bûtengebiet

25 jan 2018 - 14:00

It is ûndúdlik hoefolle boeren útwreidzje kinne yn it bûtengebiet fan de eardere gemeente Menameradiel, sûnder tefolle skea oan de natuer te feroarsaakjen. Dat stelt de kommisje foar de Milieu Effect Rapportage oer it miljeu-effektrapport foar it bestimmingsplan. It rapport moat dêrom oanpast wurde, fynt de kommisje. De gemeente Waadhoeke wol yn it bûtengebiet agraryske bedriuwen de mooglikheid jaan om út te wreidzjen. Ut it miljeu-effektrapport docht bliken dat it plan negative effekten hawwe kin foar kwetsbere natuer. Ek is der stankoerlêst mooglik.

Yn it plan stean regels om dizze gefolgen te beheinen. It rapport makket net dúdlik oft boeren útwreidzje kinne sûnder tefolle skea foar de natuer, skriuwt de kommisje. Loftfersmoarging bygelyks kin min útpakke foar planten en beammen yn de streek.

Trefwurden: 
boeren Menameradiel natuer
(advertinsje)