Kallon en Rosheuvel yn de basis by Cambuur

Issa Kallon en Darren Rosheuvel begjinne freed yn de basis yn de útwedstriid tsjin Jong FC Utrecht. Dy wedstriid wurdt spile op it fjild fan twadde difyzjonist IJsselmeervogels yn Spakenburg. Rosheuvel hat lang blessearre west, mar krige stadichoan minuten yn it earste. Moandei kaam hy yn de twadde helte yn it fjild tsjin Jong Ajax en makke doe in protte yndruk. Furdjel Narsingh (blessearre oan it ankel) en Kevin van Kippersluis (siik west) kinne freed net spylje.
Trainer Sipke Hulshoff woe fierder gjin opstelling bekend meitsje. Wol wie hy dúdlik oer de doelstelling foar de wedstriid tsjin Jong FC Utrecht: "Wy binne oan ús stân ferplichte om dizze wedstriid te winnen." De doelstelling fan Cambuur is noch altyd om goed oansluting te finen by de middenmoat fan it linker rychje, sa sei Hulshoff.
Hy woe net yngean op de fraach hoe lang oft hy noch earste trainer is by Cambuur. "Ik haw tsjin de direksje sein, dat ik dat pas witte wol as der echt nijs is. Heal nijs hoech ik net te witten. Ik wol my folslein rjochtsje op de wedstriid tsjin Jong FC Utrecht en de bekerwedstriid tsjin FC Twente kommende tiisdei."