Undernimmers de Skrâns benaud om LF2018 te missen

Undernimmers yn winkelstrjitte de Skrâns yn Ljouwert witte net oft sy ek meiprofitearje sille fan Ljouwert-Fryslân 2018. De Skrâns is hielendal oanklaaid mei promoasjemateriaal fan Kulturele Haadstêd, lykas flaggen en keunstsinnige winkelpoppen. Dochs is it neffens Johan Schootstra fan de fiskwinkel in probleem, dat de Skrâns tefolle út de rjochting fan it sintrum leit. ''It publyk wurdt yn de binnenstêd ôfset, wêrtroch't it net by ús winkels yn de buert is.''
Ek de winkeliersferiening hat noch gjin idee wat Ljouwert-Fryslân 2018 foar gefolgen hawwe sil foar de Skrâns. Neffens Margriet Terpstra fan de winkeliersferiening binne der wol goede ideeën. ''It inisjatyf fan in stappeteller sprekt my bot oan. 2018 stappen oer de Skrâns moat it winkeljend publyk hjirhinne bringe.''