Wetterskip betellet net mei oan skjinmeitsjen Fabryksfeart

25 jan 2018 - 13:05

It Wetterskip sil net meibetelje oan it opknappen fan de Fabryksfeart by Stynsgea. Dat hat de organisaasje oan de gemeente Achtkarspelen witte litten. De fersmoarge Fabryksfeart is neffens de lilke omwenners al in skoft oan in skjinmakbeurt ta. Ek soene sy graach sjen dat der wâlbeskoeiïng komt.

De gemeente hie yn prinsipe 150.000 euro reservearre, mei as betingst dat oare partijen it projekt meifinansiere soene. No't dat faai stiet, moatte de omwenners noch mar sjen oft der gau wat dien wurdt oan de feart. Wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen sil meikoarten mei de projektgroep om tafel, om it ferfolchtrajekt te bepraten.

(advertinsje)
(advertinsje)