Piip De Jouwer mooglik werom

11 jun 2012 - 17:07

De koperjitterij by Museum De Jouwer krijt mooglik wer de skoarstien werom. De gemeente Skarsterlân ûndersiket oft dêrfoar genôch jild op it kleed komme kin.

De skoarstien fan it eardere metaalfabryk Keverling waard mids jierren '80 ôfbrutsen. It fûnamint leit der noch. Dat is de reden foar it Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân en Museum De Jouwer om de njoggen meter hege piip werom te krijen by it histoaryske gebou. De totale kosten wurde rûsd op 23.000 euro. De stichting Westermeer hat al 5000 euro beskikber steld.

(advertinsje)
(advertinsje)