Wurkstraf easke foar laserpen

01 nov 2011 - 11:27

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei 240 oeren wurkstraf easke tsjin twa Ljouwerters dy't ferline jier mei in laserpen ferskate helikopters beskynden. Piloaten fan de SAR-helikopter diene oanjefte omdat se hjir hinder fan hiene by de lâning. In befeiliger fan 'e fleanbasis moast him behannelje litte nei't er mei de pen yn de eagen skynd wie. It Iepenbier Ministearje nimt de saak heech op, omdat de piloaten yn gefaar west ha.

(advertinsje)
(advertinsje)