Kenny Teijsse noch yn belangstelling fan Cambuur

25 jan 2018 - 12:54

Cambuur hat noch altyd belangstelling foar ferdigener Kenny Teijsse. Teijsse hat op proef west by Cambuur en neffens technysk manager Foeke Booy wol Cambuur de linksback oant de ein fan dit seizoen nei Ljouwert helje. "We zijn met hem in onderhandeling en als we daar uitkomen willen we Teijsse graag hebben tot het einde van dit seizoen", sei Booy. It giet der dus om dat beide partijen finansjeel op ien line komme moatte.

De lêste Nederlânske klup dêr't Kenny Teijsse foar spile, wie Go Ahead Eagles. By dy klup wie hy fan 2015 oant 2017 aktyf. Dêrnei gie Teijsse nei Amearika, dêr't hy spile foar The San Francisco Deltas.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)