Fryske bestriders muskusrôt binne foarbyld foar Nederlân

Fryske muskusrottebestriders binne in foarbyld foar bestriders yn de rest fan it lân. Se dogge it sa effektyf, dat der hast gjin muskusrotten mear oer binne. It oantal is ferline jier mei de helte ôfnaam. Der binne no noch sa'n 600 bisten yn Fryslân. Yn 2013 wiene der noch goed 4400.
Muskusrotten binne skealik, om't se diken en wâlskanten ferniele en se komme hjir oarspronklik net foar. De bestriders wurde ek ynset yn Grinslân en Drinte om sa foar te kommen dat de rotten yn Fryslân komme. Ut it hiele lân komme se hjir te sjen nei it fakmanskip en de organisaasje. Bestriders rjochtsje har ek op beverrotten, bevers, rivierkreeften en sels skealike plantesoarten.
Ek muskusrotten moatte bliuwend oanpakt wurde. Dêrom roppe se Friezen op, om mei út te sjen en de muskusrotten te melden by Wetterskip Fryslân.