Beswier Fûgelbeskerming tsjin guozze-ôfskotplan provinsje

© Henk Bootsma
De Fûgelbeskerming makket beswier tsjin it beslút fan de provinsje, om jierliks 200.000 guozzen ôf te sjitten. Provinsjale Steaten gienen woansdeitejûn akkoart mei in wiziging fan it faunabehearsplan, wêrmei't it mooglik makke wurdt de guozzen in healoere foar sinne-opkomst ôf te sjitten. De Fûgelbeskerming fynt dat kwealik, om't de fûgels dan fan har sliepplakken nei de foerazjeargebieten fleane.
Neffens de organisaasje liedt dit ta ûnnedich ôfskot fan de guozzen, en dêrom sil der beswier makke wurde tsjin de wiziging. De provinsje karde ôfrûne moanne it faunabehearsplan foar guozzen goed. Doel is om de skea dy't de fûgels feroarsaakje foar de lânbou te beheinen.