Fiif mienskipsprojekten krije 2018 euro

De winners fan de bonus fan 2018 euro út it Iepen Mienskipsfûns © Provinsje Fryslân
Fiif mienskipsprojekten hawwe woansdeitejûn út hannen fan deputearre Kramer in sjek krigen fan 2018 euro. Dat barde yn it wyklikse jûnsprogramma Iepen UP Live fan LF2018. De fiif winners binne keazen út 91 projekten. Omdat se goed oanslute by de doelen fan Kulturele Haadstêd, krije sy de bonus út it Iepen Mienskipsfûns.
De winners binne De Zilte Pluktuin op Skylge, de Griene Weach yn Bakkefean, de rockopera Tommy op De Jouwer, de kleastertún yn Easterbierrum en de Alde Skoalle yn Noardburgum. De lêste krige it jild foar it opknappen fan in lokaal, om dêr jeugdtoaniel mooglik te meitsjen.
Passy
Deputearre Kramer spruts syn bewûndering út foar alle inisjatyfnimmers: "Fryslân brûst fan de inisjativen. Mei in soad passy sette hja har yn om de leefberens fan eigen wyk, doarp of stêd te fersterkjen. Fan projekten op it mêd fan natuerbehâld, de soarch, oant kulturele foarsjenningen. Tige ynspirearjend!"