Ekstra besuniging Dongeradiel

11 jun 2012 - 16:58

Dongeradiel moat ekstra besunigje en dat komt benammen troch Ryksbelied. Om hoefolle oft it giet, hinget ôf fan de kar foar nijbou of ferbou fan sporthal De Trimmer yn Dokkum. Nijbou kostet sa'n 6 miljoen euro. Dan moat in tekoart fan 410.000 euro fuortwurke wurde op de begrutting fan 2015. Ferbou is mei 2 miljoen euro in stik goedkeaper. It tekoart is dan mei 100.000 euro folle leger.

De gemeenteried hie earder al besletten ta oardel miljoen euro oan besunigings. Dêr komt dit noch boppe-op.

Oanfragen fan hast in miljoen euro en 175.000 euro foar nije multyfunksjonele gebouwen yn Eanjum en Hallum helje it dan ek net.

Trefwurden: 
Dongeradiel besunigings
(advertinsje)
(advertinsje)