Aukje Miedema keazen ta nije berneboargemaster Dongeradiel

25 jan 2018 - 11:01

Aukje Miedema is de nije berneboargemaster fan Dongeradiel. Fyftjin bern út de groepen sân en acht fan de basisskoallen yn de gemeente hiene har opjûn as kandidaat. Woansdeitejûn kaam Aukje Miedema fan de Foeke Sjoerdsskoalle út Easternijtsjerk as winner út de bus. De bern moasten in presintaasje jaan yn de riedseal yn Dokkum.

Aukje is de njoggende berneboargemaster fan Dongeradiel. Tongersdeitejûn wurdt se offisjeel ynstallearre yn de riedsgearkomste. Dan wurdt ek ôfskied naam fan de hjoeddeistige berneboargemaster Noa Daannette Groenevelt.

(advertinsje)
(advertinsje)