Drugsbrûkende Snitser (21) rydt sûnder rydbewiis

25 jan 2018 - 10:46

In 21-jierrige man út Snits is woansdeitejûn betrape op it riden ûnder ynfloed fan drugs. Yn Akkrum waard de man oan de kant setten. Nei in flibetest die bliken dat de man drugs brûkt hie. De bestjoerder hie ek gjin jildich rydbewiis.

It wie al de tredde kear dat er dêrop betrape waard. De Snitser krijt proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Snits drugs plysje rydbewiis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)