Kleanwinkel Costes krijt fêstiging yn Ljouwert

25 jan 2018 - 10:25

De kleanwinkel Costes komt yn it eardere V&D-gebou yn Ljouwert. Begjin july giet de winkel iepen. De ferbouwing dy't hjirfoar nedich is, begjint yn maaie, sa meldt de winkelketen op syn webside. Nei it fallisemint twa jier lyn fan V&D begûn moadeketen Zara in fêstiging yn it eardere V&D-ûnderkommen.

De romte dy't noch oer wie, wurdt no opfolle troch Costes. De gemeente Ljouwert lit witte tige ynnommen te wêzen mei de komst fan de winkel nei de stêd.

Trefwurden: 
Costes kleanwinkel Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)