Slim ûngelok op A7 by Wûns, ynsittende ferwûne

25 jan 2018 - 09:28

By it ûngelok op de A7 by Wûns tongersdeitemoarn, is de ynsittende fan de auto ferwûne rekke. De persoan wie noch wol oansprekber en is nei it sikehûs brocht. Hoe slim de ferwûningen krekt binne, is net bekend. Der sieten fierder gjin minsken yn de auto, wêrfan't hast neat mear oer is. De automobilist siet yn earste ynstânsje beknypt en moast troch helpferlieners befrijd wurde.

Automobilisten moasten tongersdeitemoarn rekken hâlde mei fertraging fanwege de helpferliening. Der waard ek in traumahelikopter oproppen.

Trefwurden: 
A32 Wûns ûngelok plysje
(advertinsje)