Kollum: ''Dijkbreukdrum''

25 jan 2018 - 07:18
  • De Toan fan Botte Jellema

''Fan 'e wike kaam twa kear Bon Jovi op myn paad. Dêr wie der al in hiel skoft ôf. Bon Jovi is in Amearikaanske rockband, dy't al hûndert jier bestiet. No 35 jier, om presys te wêzen. Se hienen yn 'e jierren tachtich grute rockhits mei nûmers as 'Livin' On A Prayer' en 'You Gave Love a Bad Name'. En noch altyd toere se en meitsje se albums, al gong dat al sa'n tweintich jier oan my foarby.

It is rjocht-ta-rjocht-oan rock. Föhnrock, sa neamde ik it wolris, om't it hier fan leadsinger John Bon Jovi altyd perfekt sit. Se hawwe nûmers mei gitaarsolo's, in fenomeen dat yn 'e popmuzyk sa goed as útstoarn is. Spitigernôch spile de gitarist fan Bon Jovi in elk nûmer deselde solo. Fierder meitsje je as muzykleafhawwer ek wolris wat progresje, en sa komme der oare bands en oare muzyk op je paad. Ik fergeat Bon Jovi totaal.

Myn earste konfrontaasje fan 'e wike mei Bon Jovi wie yn in hippe kofjetent. Normaal draaie se dêr wat nondeskripte muzyk, of sa no en dan ris in singer-songwriter, mar de lêste tiid kaam der hieltyd mear jierren '80 muzyk foarby. Miskien in grappich bedoelde playlist of sa, ik wit it net. Ta myn fernuvering trouwens; ik ha gjin goeie muzikale oantinkens oan de jierren '80. Ik hie Toto al ris heard, en ek Foreigner, en no 'Keep the Faith' fan Bon Jovi.

Dat nûmer stie op de plaat 'Keep the Faith' út 1992. Ik wit noch dat ik doetiids ús mem sjantearre hie om die CD te keapjen - foar myn 15-jierige budzjet wie fjirtich gûne in hiel soad. Se kocht 'm, en ik ha 'm griis draaid. Ik wit noch dat ik foar in simmerbaantsje dat ik doe hie der moarns hiel betiid út moast. En ik liet my elke moarn wekker meitsje troch de klanken fan dat album, dei nei dei. Ik kin it fierder totaal ûnbekende iepeningsnûmer 'I Believe' letterlik dreame, want dêr begûn it album mei. Soms slagge it opstean net, en dan kaam 'Keep the Faith', en dan moast ik dochs echt myn waarme bêd út. Dus dat wie even in skok yn dat kofjesaakje fan 'e wike.

De twadde konfrontaasje mei Bon Jovi wie yn 'e krante. Julien Althuisius skreau yn De Volkskrant in skitterjend stik oer 'In The Air Tonight' fan Phil Collins, oer hoe't hy soarge foar de opkomst fan de doorbraakdrum. Yn dat nûmer sit op krekt mear as trije minuten in 'dijkbreuk van een drumsolo' dy't de popmuzyk foar altyd feroarje soe.

Julien beskriuwt hoe't Eric Clapton ûnder de opnamen fan dy plaat dat nûmer hearde yn 'e studio en by de drumbreak skreau: 'Fuckin Hell! Wat de fuck is dat?' - sorry foar de taal, mar it is 1981 en soks hie hy noch nea heard. Dit nûmer befette de 'moeder aller jarentachtig-drumbreaks', en der folge in tiid wêryn't we net allinnich gitaarsolo's yn popmuzyk hearden, mar ek lûde drums en drumbreaks, allegearre yn softpopferskes, dy't de soundtrack fan myn jeugd wurden binne.

Julien hat it yn it stik oer de 'melodramatische ik-trap-je-deur-in-wijze' fan it gebrûk fan de drumsound. It sit ek yn Collins nûmer 'Against all Odds', wêr't noch in skitterjende This American Life-podcast oer makke is. Dijkbreukdrum, seit Julien, en dan giet it ynienen oer 'Always' fan Bon Jovi: 'Daar is de drumbreak aan het begin van het nummer al lang en vet, alsof iemand met drumstel en al van een trap valt.' Hearlik sokke tekst.

De dijkbreukdrum is ferdwûn út de popmuzyk, tegearre mei de gierende gitaarsolo, en de grouwe modulaasje. Se sweve noch wat rûn op Radio Veronica, Arrow Classic Rock en iroanyske Spotifylistkes, skreau Julien. En ferdomd. Dat is fansels hoe't it yn dat hipstertentsje te hearen wie. Dêr siet ik, stil te harkjen nei de soundtrack fan it libben fan de 15-jierrige ik, my de betiizjende kombinaasje fan pikefel en skamte by it hearen fan 'Keep The Faith'.''

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)