Dielnimmers oefenje iepening LF2018 yn Ljouwerter sintrum

24 jan 2018 - 22:54

De iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018 duorret noch in pear dagen. De muzikanten, sjongers en dûnsers dy't der oan meidogge, hawwe alfêst oefenje kinnen op de plakken dêr't it sneon ek echt barre moat. Op ferskate plakken yn it sintrum waard woansdeitejûn mar leafst twa kear it folsleine programma ôfwurke. De omstannichheden wienen net ideaal. It reinde eins de hiele jûn en dat soarge foar in oantal lytse problemen.

Sa die it ljocht in pear kear net wat de organisaasje woe en wienen der wat kommunikaasjeproblemen. Slim is dat lykwols net, want krekt derfoar moast der proefdraaid wurde. Sneon, by de echte iepening, is de ferwachting dat it drûch bliuwt.

(advertinsje)
(advertinsje)