''Earst weryndieling loftrom, dan pas fleane op Lelystad"

Der moat earst in weryndieling fan it loftrom komme, foardat der flein wurdt op it útwreide Lelystad Airport. Mei dit boadskip wurdt deputearre Michiel Schrier op paad stjoerd nei Den Haag om it oan te kaarten by it ministearje. It is it gefolch fan de moasje fan GrienLinks, dy't woansdeitejûn de stipe krige fan in grutte mearderheid yn Provinsjale Steaten.
De weryndieling fan it loftrom moat derfoar soargje dat der net te leech oer de Fryske gemeenten flein wurdt troch it fleanferkear fan en nei Lelystad Airport.