VVD wol ferdwûne bylden werom yn de steateseal

24 jan 2018 - 22:18

De bylden fan de trije kardinale deugden moatte wer pronkje yn de steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert. Dat wol de provinsjale VVD-fraksje. Oant in pear jier ferlyn stienen de trije bylden yn spesjaal dêrfoar bestimde nissen yn de sealwand, rjocht efter de setel fan de kommissaris fan de Kening. Se binne lykwols kwyt.

De VVD wol no dat se weromkomme. It giet om personifikaasjes fan de deugden foarsichtichheid, rjochtfeardichheid en krêft.

Trefwurden: 
steateseal Ljouwert bylden
(advertinsje)
(advertinsje)