Húsried falt fan oanhinger, A32 besiedde mei meubels

© Twitter @PolitieHeerenveen
In opmerklik en tige gefaarlik ynsidint woansdeitejûn op de A32 tusken Akkrum en It Hearrenfean. Dêr leinen stuollen, in bank en oar húsried op de dyk. De ynboel wie út in oanhinger fallen, sûnder dat de bestjoerder dit troch hie. De plysje krige in protte telefoantsjes oer it húsried op de dyk. Rykswetter hat it guod feilich nei de berm ferpleatst.
De eigeners fan it húsried kamen der pas by Zwolle efter dat it guod út de oanhinger fallen wie. Se hawwe harren melden by de plysje en komme har ynboel wer opheljen. It ynsidint hat net laat ta ûngelokken.