Omringdyk op Flylân wurdt kommende jierren ferstevige

24 jan 2018 - 20:27

De Omringdyk op Flylân wurdt oanpakt. Rykswettersteat hat in plan presintearre om de kommende jierren de dyk te fersterkjen. Dit is nedich om yn te spyljen op de takomstige ferheging fan de seespegel en ek fanwegen de nije feiligheidsnoarmen yn Nederlân. De dyk foldocht dêr no net oan.

De kommende tiid docht Rykswettersteat fierder ûndersyk op en om de dyk om de wurksumheden ta te rieden.

(advertinsje)
(advertinsje)