Burgumers dwaande mei oanlis fan nije iisbaan

24 jan 2018 - 20:14

It liket wol maitiid, sa heech binne de temperatueren woansdei, mar yn Burgum binne se alwer dwaande mei de winter. Dêr komt in nije iisbaan, mei in betonflier derûnder. ''Sa moat in pear kear nachtfroast genôch wêze om te riden'', seit Willem Profili fan de iisklup yn Burgum. It friest hieltyd minder faak, en as it friest, dan ek hieltyd koarter. De nije iisbaan moat dêrop ynspylje.

Oanlis

Troch de oanlis fan de nije baan, is der dizze winter net folle romte om te riden yn Burgum. Dus dat it no sa waarm is, komt hielendal net raar út. "We hienen leaver hân dat it frear", seit Profili. ''Dat is ek foar ús leden it moaiste. We hienen noch wol in lyts baantsje oanlizze kinnen. Mar as der dan dochs in jier gjin iis leit, dan moat it no mar."

De nije iisbaan moat dizze simmer klear wêze.

Trefwurden: 
iis Burgum iisbaan
(advertinsje)
(advertinsje)