Negerman klear foar de Slachte

11 jun 2012 - 16:24

Sneon is it wer safier. Dan is de fjirde edysje fan de Slachtemaraton. Foar Fryske hurdrinners in útdaging, en foar guon in grutte winsk om te winnen. Gerrit Kramer fan Boalsert wûn de earste twa edysjes. Ek Boalserter Erik Negerman wie topfavoryt by de tredde edysje, mar foel blessearre út. Ek no is hy wer favoryt. De beide rinmaten treffe mekoar regelmjittich. Sa ek juster. Se ha der wer sin oan.

(advertinsje)
(advertinsje)