Hegeskoalle tekenet ferklearring foar ynklusyf ûnderwiis

Hegeskoalle NHL Stenden tekenet tongersdei yn Den Haag in ferklearring om de rjochten fan minsken mei in handicap better te garandearjen. De hegeskoalle docht dit tegearre mei de VU Amsterdam en de Universiteit Leiden. De ynstellingen wolle harren ynsette foar ynklusyf ûnderwiis.
De ferklearring komt temjitte oan it ferdrach fan de Feriene Naasjes om de rjochten fan handicapten te ferbetterjen.