Gasten ûntfange yn hûs mei Kulturele Haadstêd

25 jan 2018 - 06:45

Hawwe jo in bêd oer? En wolle jo yn dit Kulturele Haadstêd-jier graach gasten ûntfange by jo yn hûs? Dat kin. Der is no in online-platfoarm dêr't gasthear en gast elkoar fine kinne. It hjit Bed in Friesland. De bedoeling is dat minsken fan bûten Fryslân op it útfanhûzersadreske ús provinsje belibje kinne as wenje sy hjir sels.

"It platfoarm is ta stân kaam by in greidesesje fan Ljouwert-Fryslân 2018", seit Hanneke van Kammen, de inisjatyfnimmer fan Bed in Friesland. "Wy ha doe brainstoarme oer ideeën foar LF2018, en dit is dêr út kaam. Wy regelje alles yn prinsipe mei ús twaen, mar oaren ha oanjûn helpe te wollen. Mei ús allen de skouders derûnder!"

Bêd oanbiede

It platfoarm wurket as folget. Gasthearen of -froulju kinne op de webside in bêd oanbiede. Minsken dy't in bêd sykje, kinne dêr in sliepplak kieze. Regels foar it oanbieden fan in bêd binne der wol. Sa moatte de sliepkeamers oan in tal betingsten foldwaan: In skjinne sliepkeamer mei rút, in goed matras en der moat in moarnsbrochje klearstean foar de gast(en).

Kosten

Der binne wol kosten oan ferbûn foar sawol de gasthear as de gast. Sa binne der ynskriuwkosten fan 19,50 foar de gasthear. In bêd kostet 35, 40, 45 of 50 euro de man/frou de nacht. It oanbod komt 1 maart online op de webside fan Bed in Friesland.

(advertinsje)