Nije piano pronket fan sneon ôf op Ljouwerter stasjon

24 jan 2018 - 19:00

Ljouwert krijt in nije stasjonspiano. Dy wurdt kommende sneon foar it earst yn gebrûk naam by de iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018. Iris Kroes hat de eare de nije piano te ûntbleatsjen. Dêrnei wurdt op it stasjon in Stasjonspiano Challenge organisearre. Leafhawwers kinne de piano bespylje en in opname hjirfan uploade fia Instagram of Facebook mei de hashtag #stationspianoLF2018. De trije ynstjoeringen mei de measte 'likes' meie mooglik meidwaan oan it festival Welcome to the Village.

De NS sil kommend wykein ekstra en langere treinen ride litte yn ferbân mei it iepeningswykein fan Kulturele Haadstêd. De treinen binne fersierd yn in spesjale LF2018 hússtyl.

Trefwurden: 
Ljouwert stasjon piano
(advertinsje)
(advertinsje)